Nei in stik of wat produksjes wêrûnder twa CD’s en twa DvD’s, is de tredde CD opnommen in mar leafst twa studio’s; te witten: Studio Lobbes yn de Grinzer pein en de Key Studio’s yn Akkrum. Dêr’t de twa foargeande CD’s (De Blûsrûs 2005 en De Feanhoop Opnij Besocht 2008) doetiids op lokaasje opnommen binne, ferklearret it de titel fan it nijste skiifke: It Is Soms Better As Oars. Wat der fierder noch oars oan is, is dat it dizze kear net om in ‘konsept album’ giet, mar deagewoan in samling fan tolve nûmers, fariearjend fan in stompende ‘Texas Shuffle’ (Ferdivedaasje) oant in ‘Slow Blues’ mei in knipeach nei de Jazz (Boat Brûst Bylâns Myn Finster) en fan ûnferfalste Rock (It Is Soms Better As Oars) oant in melangoalyske ballad (De Skûte Fan Skelte Tel). Dit nûmer is op spesjaal fersyk skreaun as in soarte fan ‘soundtrack’ foar it Skûtsjejier 2013 yn de gemeente Smellingerlân. It is tagelyk ien fan de hichtepunten fan de CD, ek omdat it oars is as oars. Alle nûmers binne krekt as de foarige CD’s live opnommen. Walter Tremp, dy’t ek De Feanhoop Opnij Besocht opnommen hat, hat soarge foar in âlderwetse en analoge sound.
De teksten en bewurkings binne dien troch Feiko Wouda, Ruurd Huitema (Hâld Dy Stil) en Hinke Veenstra (Skjin Myn Nocht). De arranzjeminten binne fan Healers. It skilderij ‘Akkrum’ fan Fransje Versloot (www.fransjeversloot.nl)  is brûkt wurden foar de CD omslach en Marrit Wouda hat der in tige moaie lay-out fan makke.

De opname folchoarder fan de nûmers:
It Is De Loft Dy’t Gûlt – Studio Lobbes 23-06-2012
Jojo – Studio Lobbes 23-06-2012
Ferdivedaasje – Studio Lobbes 23-06-2012
Hâld Dy Stil – Key Studio’s 16-02-2013
Alles Is No Brutsen – Key Studio’s 16-02-2013
Frommes Oer It Wetter – Key Studio’s 16-02-2013
It Fjoer Is Út – Key Studio’s 16-02-2013
Boat Brûst Bylâns Myn Finster Key Studio’s 16-02-2013
Slippe En Glide – Key Studio’s 16-02-2013
Skjin Myn Nocht – Key Studio’s 17-02-2013
De Skûte Fan Skelte Tel – Key Studio’s 17-02-2013
It Is Soms Better As Oars – Key Studio’s 17-02-2013

De nûmers binne mikst troch Walter Tremp en Healers mei technyske hulp fan Gosse-Pieter de Vries op 20, 21 en 22 febrewaris 2013 yn de Key Studio’s en allegear op de bân set fan in ‘vintage’ ReVox bânapparaat. De opnames binne definitydf mastere troch Walter Tremp op 9 april 2013 yn de Tremp Studio yn Bitgum.
Yn maaie 2013 is de CD parse wurden troch Marista.

OLYMPUS DIGITAL CAMERA